Flagge-aksje duorret yn Wyns

09 jun 2007 - 13:50

De flagge-aksje fan de iepenbiere basisskoalle De Winze yn Wyns giet noch troch. Twa wiken lang wapperen de flaggen mei gedichten fan de skoalbern derop by it pontsje yn de Dokkumer Ie. Doel wie om oandacht te freegjen foar de skoalle om't dêr sluting foar driget.

Der is in tekoart oan learlingen. Der sitte op dit stuit 15 learlingen op skoalle, wylst dat der op 1 oktober 23 wêze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)