Flage op de toer yn Raerd

09 jan 2008 - 10:03
  • Raerd is tige bliid dat juf Sieb werom komt foar de klasse

Raerd hat de flage op de toer. It doarp jout sa utering oan de bliidskip dat juf Sieb werom komt foar de klasse. It doarp is út de skroeven dat nei alle aksjes tsjin de skorsing fan de skoaljuf, it skoalbestjoer werom komt op it eardere beslút.

Woansdei prate frou Stroosma, de skoaldirekteur en it skoalbestjoer oer it bemiddelingstrajekt om út it konflikt te kommen. Stroosma sil moandei wer lesjaan op it Raerderhiem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)