Flaaiebakker sil útwreidzje

20 sep 2010 - 10:37

It giet goed mei de flaaien út Fryslân. By flaaiebakker Van de Leur yn Boalsert wurdt dêrom meikoarten begûn mei útwreiding fan it bedriuw. Benammen om it wurk effisjinter te meitsjen, mar nei alle gedachten sil ek it tal fan 80 wurknimmers de kommende tiid fierder groeie.

Banketbakkerij Van de Leur kaam 15 jier lyn nei Fryslân troch bemiddeling fan kommissaris Hans Wiegel. Se hawwe dêr gjin tel spyt fan hân, sa seit direkteur Van de Leur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)