FK sloeproeien op De Lemmer

17 maaie 2014 - 09:41
  • (argyffoto)

Op De Lemmer is sneon it Iepen Frysk Kampioenskip Sloeproeien. Oan it kampioenskip dogge dit jier 49 sloepen mei. En dat is mear as by de edysje fan ferline jier, doe't der 36 sloepen meidiene. It FK is in moaie tarieding op de HT, de Harlingen-Terschelling-race, dy't freed 30 maaie op it programma stiet.

By de manlju waard de roeiploech fan de Twirre fan Makkum kampioen, by de froulju wie it team fan de Lady Killer fan Skylge de kampioen fan 2013. Wettersportferiening De Sevenwolden organisearret it kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)