FK sealfuotbal yn Frjentsjer

08 jan 2011 - 15:35

In wike lang is sporthal De Trije yn Frjentsjer it toaniel fan 'e iepen Fryske sealfuotbalkampioenskippen. It toernoai wie jierrenlang bekend as de Midwintercup. Doe organisearre de KNVB it, mar dy kin it net mear betelje. Sûnt dit jier hat sealfuotbalferiening Frjentsjer it toernoai oernaam.

Der dogge 96 maljusteams en 48 froujusteams mei oan it kampioenskip, ek út Drinte en Grinslân. Se stride allegearre om de titel iepen FK sealfuotbalkampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)