FK piksjitten op iis Earnewâld

08 jan 2011 - 13:08

Likernôch tritich minsken diene sneon mei oan it Frysk kampioenskip Piksjitten yn Earnewâld. Piksjitten is in spultsje dat by teiwaar op it iis spile wurdt. Der leit dan in soad wetter op it iis en dat is krekt goed om blokken hout glydzje te litten. Mei dy blokken moat in rjochtop steand stik hout mei sinten omsmiten wurde.

Piksjitten liket wol wat op jeu de boules. De lêste kear dat it kampioenskip hâlden waard wie yn 1996.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)