FK pealsitten yn Warns

06 sep 2006 - 11:10

Der komt in Frysk kampioenskip pealsitten. Op 29 septimber wurdt yn Warns it startsein jûn foar it offisjele Fryske kampioenskip. Meiinoar kinne der 40 pealsitters meidwaan. De peallen komme midden yn it wetter te stean. De winner krijt in jildpriis fan op syn minst 1250 euro.

It kampioenskip wurdt organisearre troch de Stifting Nacht fan Warns. It is ek it doel om op termyn in offisjele pealsitbûn op te rjochtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)