FK maraton by Hylpen

06 feb 2012 - 07:56

By Hylpen wurdt moandei it Frysk kampioenskip maraton op natueriis ferriden. Oan de start ferskine alle toppers, ûnder wa titelferdediger Jorrit Bergsma. Fierder dogge ûnder oaren Bob de Vries, Arjan Stroetinga en Ted Jan Bloemen mei.

It iis leit der neffens de organisaasje prachtich by. De manlju ride fan 'e middei om healwei trijen. De froulju begjinne om healwei ienen. Omrop Fryslân is der by. Je kinne bylden fan it maraton sjen op dei-tv en op www.omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)