FK Jeu de Pelote: Arum wint

18 jun 2004 - 00:00

Titelferdigener Arum hie tongersdei op de fjirde dei fan it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens gjin muoite mei tsjinstanner Ysbrechtum. Arum wûn de partij op 'e twadde list mei 8-2. Winst wie der ek foar Frjentsjer, want dat fersloech Wiuwert mei 8-3.

Moandei giet it toernoai fierder mei twa oare partijen fan 'e twadde list: Reahûs tsjin Winsum en Wytmarsum tsjin Easterlittens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)