FK fierljeppen giet wol troch

12 aug 2011 - 17:01
  • Foto: Oetze Deelstra, Omrop Fryslân

It Frysk kampioenskip fierljeppen giet sneon gewoan troch. Dat seit de Stifting Fierljepakkomodaasje Winsum. It wie de ôfrûne dagen spannend oft it evenemint wol hâlden wurde koe, omdat it fierljeppen by te folle reinwetter net trochgean kin. Foar sneon liket it ta te fallen mei de rein. Der wurde goed 2500 taskôgers ferwachte op it FK fierljeppen yn Winsum. It set sneon om healwei twaen út ein en is by Omrop Fryslân live te foljgen op radio en tillevyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)