FK earmwrakseljen

12 aug 2011 - 21:07
  • Foto: Omrop Fryslân

Yn it sintrum fan Aldemardum is freedtejûn it Iepen Frysk kampioenskip earmwrakseljen hâlden. Goed fyftich minsken diene oan it sportive evenemint mei. Der waard troch manlju en froulju yn ferskate klassen striden om de titel. It iepen FK waard foar de twadde kear organisearre.

Earmwrakseljen is in offisjele sport dy't benammen yn de Feriene Steaten en Ingelân tige populêr is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)