Fjouwer ynbrekkers oppakt

03 apr 2012 - 10:03
  • Ynbraak

De plysje hat op It Hearrenfean fjouwer Súd-Amerikanen oppakt fanwege ynbrekken. Ynwenners fan wyk De Heide hiene middeis in fertochte auto yn de buert sjoen, se warskôgen dêrop de plysje. Doe't dy by de auto kaam, naaiden de fjouwer út. Nei in achterfolging wêrby't hast in motorplysje en in plysje-auto oanriden waarden, koe de bestjoerder oppakt wurde.

De oare trije ynsitters naaiden út, twa fan har koene yn 'e buert oppakt wurde, foar de tredde waard in Burgernetaksje opstart. Hy waard nei in tip úteinlik fûn yn Mildaam.

De fjouwer wurde ek fertocht fan in ynbraak yn Súd-Hollân. Dêr brûkten se geweld tsjin de bewenner, doe't dy har trapearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)