Fjouwer ynbraken yn 4 jier

24 jan 2014 - 17:32
  • It gebou fan Myriadm

Yn Snits is by kommunikaasjebedriuw Myriadm tongersdeitejûn foar de fjirde kear yn fjouwer jier tiid ynbrutsen en guod stellen. Unbekenden hawwe de doar mei in moker forsearre. Krekt as foarige kearen binne der djoere kompjûters stellen.

De kreak is fêstlein op kamera's. De plysje wie gau te plak en hat socht nei de dieven, mar se net fûn. Eigener Paul van Goor wol mei plysje, gemeenten en ûndernimmers sjen nei mooglikheden om de bedriuwsgebouwen op yndustrieterrein De Hemmen noch better te befeiligjen tsjin ynbraken en stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)