Fjouwer ynbraken Donkerbroek

28 jun 2007 - 11:15

By fjouwer bedriuwen yn Donkerbroek is tiisdeitenacht ynbrutsen. By it doarpshûs waard de doar fernield. De dieven brutsen ferskate romtes en kasten iepen. Der is nei alle gedachten jild stellen.

Yn in bedriuw oan 'e Hearewei binne de ynbrekkers der troch in rút yngien. Dêr is in klûs stellen. By de twa oare bedriuwen is ek ynbrutsen, mar foar sa fier bekend is der neat meinaam. Der is wol in soad stikken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)