Fjouwer wietkwekerijen oprôle

13 feb 2007 - 10:03
  • Hennepplanten

De plysje hat moandei fjouwer hennepkwekerijen oprôle op it Hearrenfean. Der binne ynfallen dien yn sân hûzen. Yn fjouwer hûzen waard hennep kweekt, yn twa oare panden waard de hennep droege. Der wie ek knoeid mei de elektrisiteitsmeter.

Der is seis kilo wiet, hast 750 hennepplanten en apparatuer yn beslach nommen en ferneatige. In man (40) en in frou (30) út Hearrenfean binne oanhâlden. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)