Fjouwer ton foar guozzebelied

27 feb 2013 - 10:03
  • Guozzen

De provinsje lûkt foarearst 400.000 euro ekstra út foar de útfiering fan it nije guozzebelied. Dat stiet yn de útwurking fan it lanlike akkoart tusken de provinsje, boeren en de natoerorganisaasjes oer de oanpak fan guozzen.

Guozzen dy't hjir winterdeis sitte, wurde foaral beskerme. Mar guozzen dy't hjir briede, wurde oanpakt. Sa komt der in eksperimint mei it net bestriden fan rôfbisten lykas de foks yn gebieten dêr't guozzen briede. De provinsjes en net it ryk wurde ferantwurdlik foar de skea by boeren troch dizze fûgels.

Lanlik is der mear as 12 miljoen euro beskikber foar dy skea en mear as 8 miljoen dêrfan giet nei Fryske boeren omdat hjir de measte guozzen sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)