Fjouwer tips oer helm

19 okt 2011 - 21:06
  • De bewuste helm (Foto: Dadergezocht.nl)

De plysje seit fjouwer brûkbere tips krigen te hawwen neidat it programma Opsporing Verzocht de ôfrûne dagen omtinken joech oan de oerfal op it kasino fan De Lemmer. Dat waard dizze simmer troch in wapene man oerfallen. Dy twong de meiwurkster jild ôf te jaan. De man sels wie op kamerabylden net te werkennen. Wol wie te sjen dat er in bysûndere helm op hie dêr't yn Nederlân mar fiif fan ferkocht binne.

De plysje is dwaande mei it ûndersykjen fan de tips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)