Fjouwer skjinne gemeenten troch

01 apr 2005 - 12:54

Fjouwer Fryske gemeenten sitte yn de heale finale fan de ferkiezing foar skjinste gemeente fan Nederlân. It binne it Bilt, Ljouwert, Skarsterlân en Smellingerlân. Sy moatte it opnimme tsjin 37 oare gemeenten.

Tûzenen ynwenners fan mear as 70 gemeenten ha in rapportsifer jûn om oan te jaan hoe skjin oft se harren gemeente fine. De gemeenten mei de heechste skoare moatte oanjaan wat sy dogge tsjin smoargens op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)