Fjouwer sakelju noch net akkoart

22 mrt 2006 - 12:26

De fjouwer sakelju Riedstra, Hoekstra, Buwalda en Sleijfer hawwe noch net ynstimd mei it bod fan 'e gemeente om de grûn ûnder it Cambuur-stadion foar 500.000 euro te ferkeapjen. De gemeente wol nammentlik dat as de grûn letter mei winst ferkocht wurdt, dy winst ek trochjûn wurdt oan de gemeente.

Mei dy betingst hawwe de fjouwer sakelju grutte muoite. It is no oan Riedstra-en-dy om te reagearjen op it bod fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)