Fjouwer otters deariden

13 aug 2013 - 14:51
  • Otter

Yn twa wike tiid binne fjouwer otters deariden yn Fryslân. Fannacht binne twa deariden: op It Heidenskip en op de kop fan de Ofslútdyk by Koarnwertersân. It is opmerklik dat de otter dêr foarkomt. Dêr lûkt Addy de Jongh fan Otterstasjon Nederlân de konklúzje út dat de otter no wer yn hiel Fryslân foarkomt.

De oare otters waarden deariden op de A7 by De Jouwer en yn it suden fan de provinsje, dêr't wol mear otters ûnder de auto komme. Neffens De Jongh moatte der no gau stekken by de dyk del komme foar beskerming fan de otter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)