Fjouwer oertredings Sint Nyk

09 nov 2007 - 10:26

By in ferkearskontrole op de grutte dyk by Sint Nyk hat de plysje tongersdei ien op de fjouwer bestjoerders op de bon slingere. Der waard ûnder oare kontrolearre op it ferfier fan gefaarlike stoffen en it illegaal brûken fan reade diesel.

Der binne bekeurings jûn foar bygelyks lading dy't net goed fêst siet, ferkearde ferfiersdokuminten en it net brûken fan in tachograaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)