Fjouwer nije jiske-auto's foar Súdwest-Fryslân

14 nov 2014 - 21:27
  • Wethâlder Bakker krijt de kaaien fan Hornstra fan VDL

De gemeente Súdwest-Fryslân hat freed fjouwer nije jiske-auto's ôflevere krigen. It giet om frachtweinen dy't tagelyk twa konteners oppakke kinne. De komst fan de auto's is ek de ôftraap fan in oantal feroarings binnen de gemeente op it mêd fan it ôffalbelied. Sa sille der miljeuparkjes komme yn de buert fan bygelyks supermerken en op 1 jannewaris sil de ôffalkalinder digitaal wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)