Fjouwer kear sûnder rydbewiis

12 mrt 2013 - 10:00
  • Plysje-embleem

De plysje hat moandeitejûn op De Lemmer de auto fan in 22-jierrige automobilist út Nij Beets yn beslach nommen. De bestjoerder waard yn koarte tiid foar de fjirde kear betrape op it riden sûnder rydbewiis.

De plysje seach de man riden op de Strânwei en holden him oan. Dúdlik waard dat de man gjin rydbewiis hie. Omdat dat al de fjirde kear wie dat er dêrfoar oanhâlden waard, is syn auto yn beslach nommen en is der proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)