Fjouwer jonges slaan mei boat om op Snitsermar

18 jun 2015 - 17:22
  • Brânwacht

De brânwacht is tongersdeitemiddei útrukt fanwegen in boat dy't omslein wie op de Snitsermar. Neffens de melding dy't binnenkaam wie, soene der ek fjouwer minsken yn it wetter rekke wêze. Mar dy koe de brânwacht net fine.

Letter kaam it berjocht dat fjouwer jonges dy't op de boat sitten hiene, feilich en wol weromkaam wiene op kamping De Potten, dêr't se ferbliuwe. Se mankearen neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)