Fjouwer jongeren oanhâlden foar mishanneling by Sint Nyk

17 jul 2015 - 10:56

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed fjouwer jongeren fan 14 oant 16 jier oanhâlden. It kwartet, ôfkomstich fan Sint Nyk, Harns, De Jouwer en Frjentsjer, wurdt fertocht fan mishanneling fan in 66-jierrige man út Skarsterbrêge.

De man fytste mei syn frou op ’e Hústerheide yn Sint Nyk lâns in groepke jongeren, doe't hy troch in gasdrukwapen rekke waard yn it skouder. Ienkear thús hat de man de plysje belle. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)