Fjouwer jonge ynbrekkers pakt yn Ljouwert

17 okt 2015 - 10:54
  • Ynbraak

De plysje yn Ljouwert hat freed fjouwer jonge ynbrekkers oanhâlden. Tsjûgen hiene de plysje op it spoar set fan de ynbrekkers. Sy seagen dat de fjouwer ynbrutsen yn in wenning oan de Grinzerstrjitwei en dêrnei útnaaiden yn in auto. Fia it kenteken wist de plysje de eigener fan de auto te achterheljen. It kwartet, twa froulju út Jirnsum fan 17 en 18 jier en twa manlju fan 20 jier út Almere melde himsels nei't de plysje kontakt opnaam hie mei de eigener fan de auto. De ynbrekkers sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)