Fjouwer himpkwekerijen oprôle

28 apr 2011 - 10:18

De plysje hat woansdei yn Ljouwert fjouwer himpkwekerijen oprôle. Der waarden goed 700 planten oantroffen.

De plysje kaam de kwekerijen op it spoar nei anonime tips. Yn in wenning yn de Schapestraat fûnen de plysjes in ûntmantele kwekerij. Yn in hûs oan de Kleine Wielenstraat trof de plysje in kwekerij oan fan goed 200 planten. De 40-jierrige bewenner waard oanholden. By wenningen yn de Dennenstraat en de Dirk Boutstraat waarden hast 500 planten fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)