Fjouwer froulju pakke dief

08 jul 2011 - 10:19

Fjouwer winkelmeiwurksters hawwe tongersdei op de Skrâns yn Ljouwert in winkeldief pakt. In tsjûge hie sjoen dat de man by in kleansaak in broek stellen hie. Ien fan de winkelfroulju gie achter de dief oan. Se krige help fan kollega's fan in oare saak. Ien fan dy minsken stapte op in fyts en koe de dief sa achterhelje.

Se naam him mei nei de winkel dêr't er de broek stellen hie. Dêr waard er troch fjouwer froulju fêsthâlden oant de plysje kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)