Fjouwer ferwûnen by Wommels

08 nov 2010 - 10:05

Op de N359 by Wommels binne snein fjouwer minsken ferwûne rekke. Mooglik hat in 79-jierrige automobilist út Wommels de auto fan in 23-jierrige man út Penjum net sjoen wêrtroch't de twa op elkoar klapten.

De 79-jierrige man en in 68-jierrige frou dy't ek yn de auto siet, moasten mei ferwûnings nei it sikehûs. Yn de auto siet ek noch in in 70-jierrige frou, mar dy hie neat. De man út Penjum en syn 23-jierrige passasjiere út Ljouwert moasten ek nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)