Fjouwer ferwûnen by Dokkum

25 aug 2004 - 17:01

By in ûngelok op de Lauwersseewei by Dokkum binne woansdei fjouwer minsken ferwûne rekke. De oanriding ûntstie doe't in automobilist hiel stadich fan Dokkum yn de rjochting fan Ljouwert ried. In oare auto botste boppe-op de stadich ridende auto.

Yn de earste auto rekken trije minsken lichtferwûne. De oare bestjoerder rekke ek lichtferwûne. Alle ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. Wêrom't de auto stadich ried, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)