Fjouwer ferwûnen brân H'fean

11 jan 2007 - 08:44
  • Wer in grutte brân op It Hearrenfean (foto J.W. Marinus)
  • By de brân yn dit hûs rekken fjouwer minsken ferwûne

By in grutte brân yn in wenning oan de Fok op it Hearrenfean binne tongersdeitemoarn fjouwer minsken ferwûne rekke. Sy krigen lêst fan de reek en moasten nei it sikehûs. It fjoer ûntstie tsjin healwei sânen. De brânwacht fan Hearrenfean, Tsjalbert en dy fan Drachten waarden ynset om de brân te blussen.

Eefkes foar acht oere koe it sein brân master jûn wurde. De hurde wyn makke it blussen tige dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)