Fjouwer fertochten fan ynbraak oanhâlden op De Lemmer

29 mrt 2016 - 09:53
  • Oanhâlding

By in kontrôle op De Lemmer hat de plysje moandeitenacht fjouwer manlju oanhâlden op fertinking fan ynbraak. It giet om fjouwer ynwenners fan Nieuwegein fan 22, 27, 32 en 37 jier. De manlju hiene harren auto parkearre oan de Transveer en naaiden rinnende út doe't se de plysje seagen.

Yn de auto lei ark dat mooglik brûkt is foar ynbraken. De fertochten sitte fêst en de plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)