Fjouwer bedriuwen nominearre foar Jonge Undernimmerspriis

27 mrt 2015 - 17:17

Fjouwer Fryske ûndernimmingen binne nominearre foar de Jonge Undernimmerspriis JOP foar Noard-Nederlân. Der geane mei-inoar tolve ûndernimmingen nei de foarrondes yn april. Seis komme der út Grinslân en twa út Drinte.

Ut Fryslân komme Optiom en In2Media út Ljouwert en Or-Quest út Drachten en Morris Solutions út Aldhoarne. De winner wurdt op 10 juny bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)