Fjouwer Award-nominaasjes Omrop

26 jan 2006 - 09:46

Omrop Fryslân is fjouwer kear nomineard foar in NL-award, de priis foar de bêste regionale radio- en telefyzje- produksjes. Twa radioprogramma's binne nomineard: Omrop Fryslân Aktueel, mei in ferslach fan de rjochtbanksitting wêryn't it ljipaaisykjen ferbean waard, en Reprise oer de synagoge fan Ljouwert.

Foar tv giet it om in reportaazje yn Brekking oer ynspekteur Hoekstra fan de dierebeskerming en Audysje D&D. De Awards wurde mids febrewaris útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)