Fjouwer amtners mei beswieren

28 feb 2007 - 21:13

Yn twa Fryske gemeente binne trou-amtners oan it wurk dy 't gjin homo-houlikken slúte wolle. Dat docht bliken út in tuskentiidse telling fan de Homo en Lesbische Federatie Nederland. By de helte fan alle gemeenten is neifraach dien.

Yn Boalsert hawwe trije fan de sân amtners beswieren tsjin it homohoulik. Yn Ljouwert is noch altiten de amtner yn funksje dêr 't de rel om it homohoulik mei begûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)