Fjoerwurkspektakel stiet faai

30 des 2002 - 00:00

It grutte fjoerwurkspektakel by it Ljouwerter FEC op âldjiersnacht giet mooglik net troch. Mei de jierwiksel wurdt in eastewyn ferwachte en dat is te gefaarlik.

Troch de eastewyn kin fjoerwurk op it dak fan fjoerwurkbedriuw JNS Pyrotechniek telâne komme. Dêrom ferbiedt de fergunning it evenemint by dy wynrjochting. De fjoerwurkshow is de ôftraap fan de Waarme Winternacht yn it FEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)