Fjoerwurksmiter oppakt

26 des 2006 - 15:14

Yn Damwâld binne moandeitejûn in man en twa froulju oanhâlden omdat se fjoerwurk ôfstutsen en saken fernielden by de Douweswei.

De man, út Driesum, smiet swier fjoerwurk út syn auto. Doe't de plysje him oanhâlde woe, ride de man gewoan troch. In plysjeman pakte doe syn pistoal. De man gie doe stadiger riden, mar smiet op 'e nij mei fjoerwurk. De plysje hat him en syn twa passazjiers dêrnei oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)