Fjoerwurkopslach is yn oarder

28 des 2009 - 12:32
  • Ek dizze fjoerwurkopslach yn Frjentsjer hat de saken goed foarinoar

De fjoerwurkopslach yn Fryslân is dik yn oarder. Tiisdei begjint de ferkeap en kontroleurs fan de provinsje binne ôfrûne dagen op 'en paad om de fjoerwurkbunkers fan de ferkeapers te besjen. Dêrby binne oant no ta gjin slimme dingen oan it ljocht kaam.

De feiligensmaatregels dêr't de opslach oan foldwaan moat, binne flink stranger wurden sûnt de fjoerwurkramp yn Enschede yn 2000. Sa moat alles feilich yn bunkers mei dikke muorren lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)