Fjoerwurkôfstekkers oanhâlden

31 des 2008 - 15:05

By it Fryske Buro Halt binne oant no ta 31 fjoerwurkboefkes oanmelden. By Buro Halt wurde allinnich jongeren tusken de 12 en 18 jier oanmeld dy't legaal fjoerwurk hawwe. As se swierder fjoerwurk by harren ha, wurde se fuort trochferwiisd nei justysje.

Jongeren dy't by Halt komme moatte fertelle wat der bard is en se krije in foarljochtingsfideo te sjen. Ek moatte se in wurkstik oer fjoerwurk meitsje en de âldsten moatte in tal oeren oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)