Fjoerwurkmûs makket it goed

31 des 2011 - 15:04
  • fjoerwurkmûs

It giet goed mei de mûs dy't freed troch twa Drachtsters oan in fjoerpylk fêstplakt waard. Omdat de pylk net ôfgie koe it bist rêden wurde troch foarbykommende plysjes. Dy hawwe him werombrocht nei de winkel dêr't de Drachtsters him kocht hiene. Dy winkel fangt it bist no op.

It liket der op dat er net in soad skea oan de mishanneling oerhâlde sil. Neffens de winkel is in twadde mûs ûntkaam. De twa Drachtsters sitte foarearst noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)