Fjoerwurkles troch studinten

25 des 2007 - 10:05

Buro Halt Fryslân wol mei help fan studinten mear foarljochting oer it ôfstekken fan fjoerwurk jaan oan skoalbern. De ôfrûne moanne hawwe eigen meiwurkers fan Halt goed 70 fjoerwurklessen fersoarge op Frskoallen. Troch hjirfoar studinten op te lieden kinne der folle mear lessen joen wurde.

Buro Halt sil ynkoarten mei de hbo-skoallen prate oer wat de mooglikheden foar gearwurking binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)