Fjoerwurkkampanje wer begûn

24 nov 2003 - 00:00

Hieltyd mear jonge bern stekke fierste betiid legaal mar ek yllegaal fjoerwurk ôf. Moandei sette dêrom de fjoerwurk- kampanje fan de Fryske plysje út ein. Alle jierren falle der fjoerwurk- slachtoffers wêrfan de measten fier foar âld en nij.

Plysje, brânwacht en buro HALT joegen moandei in demonstraasje op de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert. Dit jier wurdt benammen wiisd op de straf dy't bern ferwachtsje kinne as se pakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)