Fjoerwurkkampanje út ein set

21 nov 2006 - 16:18

Op de Master Fennemaskoalle yn Tytsjerk is tiisdei de jierlikse fjoerwurkkampanje fan Buro Halt en de plysje Fryslân fan start gien. Meiwurkers fan Halt sille dit jier noch by fyftich skoallen del om foarljochting te jaan oer de risiko's fan fjoerwurk. It tema is dit jier research. Bern fan de skoalle yn Tytsjerk hawwe in krante makke mei dêryn allegear ynformaasje oer fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)