Fjoerwurkferkeap bûn oan regels

13 nov 2002 - 00:00

In soad ferkeapers fan fjoerwurk hâlde der yn de takomst mei op. Reden is it nije fjoerwurkbeslút dat yn 2004 yngiet. Wa't noch fjoerwurk ferkeapje wol, moat flink ynvestearje om oan de strange regels te foldwaan.

Faak komt it del op in ferbouwing om de nije feilichheidseasken te realisearjen. Net alle hannelers ha dêr de romte of it jild foar. Yn Harns bliuwt bygelyks mooglik mar ien ferkeappunt oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)