Fjoerwurkferbod Skylge inkeld by mûne fan Formearum

30 nov 2014 - 17:40
  • Brandaris

It fjoerwurkferbod op Skylge jildt inkeld foar de direkte omkriten fan de mûne fan Formearum. Dat docht bliken by neifraach by de gemeente. Skylge stiet mei noch achttjin oare gemeenten op in fjoerwurkferbodlist fan nu.nl. Dy hat 403 gemeenten belle.

Yn stêden lykas Amsterdam, Rotterdam, Vlaardingen en Barendrecht is it mei âld en nij fanwege de iepenbiere oarder ferbean om fjoerwurk ôf te stekken. Op it Waadeilân spilet it probleem lykwols net. Inkeld by de mûne fan Formearum is in ferbod fanwege brânrisiko.

Yn in straal fan in pear hûndert meter om de mûne hinne mei gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)