''Fjoerwurkferbod giet fierstente fier''

24 des 2015 - 21:43

It foarnimmen fan guon politike partijen yn de Twadde Keamer om fjoerwurk te ferbieden, giet brânwachtman en fjoerwurkferkeaper Age Postma fan Sint-Nyk fierstente fier. Neffens Postma is by mear as 80 persint fan de ûngelokken mei fjoerwurk yllegaal fjoerwurk de oarsaak.

By in soad fan de oare ûngelokken leit de oarsaak by de konsumint sels, dy't faak yn striid mei de foarskriften hannelet. As je legaal fjoerwurk hawwe, in fjoerwurkbril opsette en de foarskriften goed folgje, kin der eins net safolle misgean, tinkt Postma.

Net útfierber

It alternatyf fan de tsjinstanners fan fjoerwurk yn de foarm fan fjoerwurkshows op alle plakken is neffens Postma net útfierber, omdat der fierstente min minsken binne yn Nederlân dy't sa'n show útfiere kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)