Fjoerwurkbrillen by MCL

10 des 2008 - 16:39

De eachdokters fan it MCL stelle ek dit jier wer spesjale fjoerwukrbrillen beskikber foar de sikehuzen yn Ljouwert en Harns. De brillen binne foar fjouwer euro it stik te keap en moatte minsken beskermje tsjin eachletsel troch fjoerwurk.

Belangstellenden kinne de bril yn kantoaroeren by de polyklinyk Eachhielkunde keapje. De aksje mei de fjoerwurkbrillen wie ferline jier in grut súkses. Yn in goed wike tiid wiene alle brillen útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)