Fjoerwurk yn pretpark Appelskea

29 des 2005 - 21:22

De plysje hat in partij fan 2500 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen yn in pretpark yn Appelskea. It giet ûnder oare om hûnderttûzenknallers, sa hat de plysje bekend makke. De eigner fan it pretpark is troch de plysje heard. De man wol net sizze wêr't er it guod wei hat.

It fjoerwurk waard al twa wike lyn fûn, mar de plysje hâldde de fynst oant no ta stil yn it belang fan it ûndersyk. It fjoerwurk is yntusken ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)