Fjoerwurk yn gesicht

02 jan 2010 - 14:41

In 16-jierrich famke út Aldegea yn de gemeente Gaasterlân-Sleat is âldjiersnacht swier ferwûne rekke oan it gesicht trochdat der fjoerwurk by har gesicht ûntplofte. Op de Tinholtstrjitte waard troch in grutte groep jongerein fjoerwurk ôfstutsen.

It soe dêrby mooglik om yllegaal fjoerwurk gean. It famke waard rekke oan it gesicht en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Se moat nei alle gedachten in each misse. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)