Fjoerwurk yn Fryske derby

29 sep 2013 - 16:07

Folop fjoerwurk yn de twadde helte fan de Fryske derby. Ynfaller Yanic Wildschut krige nei rêst twa grutte kânsen op de 2-0, mar fersomme de marzje fierder út te wreidzjen. Ut in rappe útbraak wie Ritzmaier ticht by de lykmakker, mar Nordfeldt stie yn it paad. De grutste mooglikheid wie foar Michiel Hemmen, mar hy rekke de bal ferkeard.

Yn de 65e minút wie it dan dochs rekke en sette Jody Lukoki de Ljouwerters op likense hichte. Twa minuten letter wie it Ljouwerter feestje lykwols al wer oer, doe't Alfred Finnbogason de 2-1 makke.

Mei noch in kertier te spyljen yn it Abe Lenstrastadion dripte de spanning fan de wedstriid ôf. Ramon Zomer ûntsnapte oan in twadde giele kaart nei de oertreding op Ritzmaier. De frije traap waard troch Ritzmaier oer sketten. Ynfaller Van Boxel moast syn plakje ôfstean oan Martijn Barto, doe't Cambuur alles of neat spyljen gong yn de lêste fiif minuten. Yn de einfaze wie it opnij Michiel Hemmen dy't in libbensgrutte kâns krige, mar hy kaam in teanlingte tekoart om de lykmakker binnen te tikjen. De wedstriid einige mei in lyts reltsje yn blessueretiid doe't Samir Fazli en Leonard Nienhuis spul krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)